Fuort nei’t ferstjerren fan ús mem, ha ‘k alles opskreaun.
Ik wol net dat letter dingen, grutter wurde as dat se binne.
Ferhalen fan de bernsbern.
Wat is ôfskie nimmen?
Hoe giet dat?

Hoe ferrinne de dagen?
Beide âlders binne ferstoarn, wa binne jo sels.

De Proeve.
In soart “lêzing”, fan de ferhalen, mei Freark as “technyske” man.
Wêrom wolst dit fertelle? Wat wolst fertelle?

Pieter Stellingwerf wurdt oanlutsen as regisseur.  Alles wat ik spylje kin, kin as tekst skrast wurde.
Dat rommet op.
Freark en ik sette tegearre útein.
Ik sykje muzyk, om yn de goed stimming te kommen.
Muzyk wurdt de “tredde spiler” It stik giet oer de kop en nochris en nochris.
Pieter Stellingwerf wurdt oanlutsen as regisseur.

Der is gjin budzjet, amper subsydzje.

Te optein ha ‘k al te folle minsken oer myn plannen ferteld.
Ik kin no net werom.
Miskien, krekt dêrom fertel ik it.
Der moat in P.R. plan komme.
Flyers, Posters, Theater Sneek nimt it yn premiêre.
Freark sil de saaklike kant dwaan. Is him mei Zelle ek slagge.
Mar hy hat it te drok.
De premiêre datum wurdt ferskood nei april 2012.
No kinne we earst rêstich mei freonen op fakânsje nei China.

Septimber.
Ik begjin wer foarsichtich oan “Jameimy” te snuffeljen.Ik begjin wer foarsichtich oan “Jameimy” te snuffeljen.
Skriuw de definitive fersy, dy noch net sa definityf blykt te wêzen, mar dat ûntdekke we repetearjende wei.
Ik ha in dekôr ûntwerp makke fan in âlde doaze.
Freark begjint mei balken, houten sketten en makket in rippetysje tafel. We geane los!!!!

 

JAMEIMY FLYER

 

fb_icon_325x325

LEEUWARDER COURANT

16 oktober 2013

‘Jameimy’ in 2014 naar Canada

LEEUWARDEN
- De theatervoorstelling ‘Jameimy’ met Freark Smink en Klaasje Postma gaat naar Canada. Na ‘De emigrant’ is dit de tweede voorstelling van Pier21 die die kant op gaat. Productieleider David Lelieveld heeft tijdens de tournee van ‘De emigrant’ in Ontario, de afgelopen weken, de contacten gelegd. De exacte speeldata zijn nog niet bekend. Postma speelde eerder in Canada met de Tryatersolovoorstelling ‘Rolling home’, onder de titel ‘Beppe Tryntsje’.

Resinsjes

Reaksje

Susan Brattinga fan Nijlân - skriuwt op 10/12/2013.

Dat wie snein genietsje fan jimme "JAMEIMY". Prachtich!!! Bot lake, ontroerd en herkenber. It die my oan froeger en hjoed tinken. Jimme spylje it sa gewoan en sa bysûnder. Dan die kaarten. Hie ik mar mear kocht. Ik ha se alle 5 al tapasselik ferstjoerd. Nee die fan dreun ha ik yn it boek dien fan ús bernegesin, wat myn broer skreun had. Machtich! Kin ik ergens de kaarten noch keapje? It maai jimme goed gean en op nei in stik oer jimme partnerslibben?!

Groetnis Susan